Poiesz Jeugd Sponsor Gala

Troch in geweldige Poiesz aksje koe KF Jacob Klaver op freed 10 april in cheque fan € 1.234,- ophelje. Dizze cheque waard útrikt op it Poiesz Jeugd Sponsor gala yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dizze jûn wienen d’r optredens van O’g3ne, Tim Douwsma en Monique Smit en Jan Smit. Jente Sjoerd en Hedzer Seffinga, Willem en Tjitte Reitsma en Rikst Mulder wienen hjir as jeugdleden hinne en ha in moaie jûn hân ûnder begelieding fan Maria Molenbuur en Gerbrig Wiersma. Wy wolle eltsenien betanke foar it stypjen fan Jacob Klaver mei dizze sponsor aksje.

Geplaatst op 13 April 2015